Aldereindei Earnewâld 2020

Op tiisdei 10 maart wie der wer in Aldereindei yn Earnewâld want it wie de twadde tiisdei fan maart. Fan 50 jier ôf heart men yn Earnewâld al by de âlderein!!!

De organisaasje wie yn hannen fan Rina Postma, Aaltsje Bies, Baukje Kootstra, Sofie Kleinhuis en Gea Siderius en dizze froulju ha dat tige goed dien.
Sy koenen om ûngefear healwei fjouweren 60 gasten wolkom hjitte. Dat koe dit jier net by Jan Wester want dêr binne se no oan it ferbouwen en dêrom gongen we de boat yn.
Dat wie de MARPRINSES en dat hat skoan foldien
By de ûntfangst krigen we twa kear kofje mei oranjekoeke en doe koe it bypraten begjinne wylst der foto’s en films fan Ald-Earnewâld te sjen wiene.
Hoe faker men komt des te mear minsken ken men en dat makket sa ’n dei echt aardich.
Doe kaam it iten mei lekkere tomatesop en dêrnei in treflik breamiel. Under it miel ha myn broer en ik ûnder oaren bypraat oer de skoaltiid yn Aldegea. Pas fan 1949 ôf ( of 1948) koe it ferfier mei de bus. Us oerbuorlju hiene dat stik nei skoalle faak rûn mar se wiene ek wol mei hynder en wein nei skoalle brocht.

Tsjin healwei achten kamen der noch rûchwei 10 gasten by en doe koe it selskip  “Noordenbos en Ko” mar losgean.
Dit selskip út Ferwerderadiel bestiet út: Klaske Kingma (teksten), Janneke Themmen, Renie Zuiderveld, Aline van der Weij en Pieter Jelle van der Laan wylst it echtpear Henk en Richtsje van den Berg it lûd fersoargje.
Dizze ynformaasje ha ik fan it ynternet helle.

Wat wie dit in geweldich selskip.

It begûn mei in tamboerkorps en der waard sein dat se hopen dat wy bining mei elkoar krije soenen.
 “Minsken, meitsje jim gjin soargen, meitsje op tiid romte en spring ris út de bân”.
Dêrnei folgen prachtige sketsen sa as:
Twa blide froulju dy’t bliid wiene mei har klean oankeapen. De iene kocht by de kringloop en de oare hie itselde kleanstik mei “sale”€ 50 goedkeaper. Dy’t it kleanstik kocht hie by de kringloop hie it nei ôftingjen net foar 10 mar foar 5 Euro. Ja, it rûkte wol wat.

It gong ek oer it âldste berop op de wrâld (Ja, we tippelen wat af), in stikkene automaat yn in toiletgebou mei de klacht dat manlju ek net allegear like tûk binne.
By de Sinees gie it oer: Wokkie, wokkie, eet met een stokkie, bami nasi loempia, driemaal in de rondte, hupsasa.

Hoefolle klean hiene dy froulju wol net meinaam?
Der wie ek in moaie solosang  yn wat ik mar in troujurk neam.
Ek de act fan de stewardess wie geweldich (Altijd lachen ook al meen je er geen sodemieter van). Sy hie it berop leard yn de stimulatiekabine!
By de sport hiene twa froulju yn elts gefal de kaakspieren goed traind.

De lêste skets gie oer in “âldereinorkest”.

“âldereinorkest”

It entûsjasme wie grutter as de suverens mar it wie prachtich.

Yn ’t koart: Noordenbos en Ko ha der wat moais fan makke.

De oanklaaiïng, de teksten, it sjongen en it spyljen, it wie allegearre dik yn oarder!

Sy waarden dan ek tige betanke en krigen in grut applaus.
Yn it skoft waarden lotten ferkocht en letter waarden de winnende lotten lutsen dêr’t in soad minsken wer bliid mei makke binne.
Nynke (of Nienke) fan de boat waard noch betanke foar de goede organisaasje.
En dêrnei koe de neisit begjinne.

Drachten, maart 2020
Auke Smid

Geef een antwoord

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd.