Ynformaasje

Alles is begûn yn 1979 by it sechtichjierrich bestean fan de feriening fan Plattelânsfroulju yn Ferwerderadiel. Klaske Kingma, skreau doe mei Germ Koldijk de teksten foar de revu “Tusken Bêd en Brochje” De koarleden spilen mei en de mem fan Klaske, Anna Noordenbos-Algera fersoarge de pianobegelieding. Al gau folgen optredens foar de Fryske Kriten om útens. Nei it twadde program ûntstie in lyts kabaret ploechje mei de namme Noordenbos & Ko, spile troch Klaske en Anneke Noordenbos en Germ (KO)ldijk, mei oan de piano wer har mem!

Anna Noordenbos-Algera
Anna Noordenbos-Algera

Der kaam doe in kompilaasje ûnder de titel ‘De groetnis út Ferwerderadiel’.
Yn wikseljende gearstallings spilen ek Klaske har dochters Anneminke en Else, en Anneke har dochter Aafke mei.
In skoftsje wie ‘t dus in famylje kabaret mei oan de piano in grutske beppe mei dochters en beppesizzers
Oant har 85 ste jier wie se de fêste pianiste, dy ‘t nea in noatsje miste !
Op 97 jierrige leeftyd is se ferstoarn, mar noch wurdt der praten oer de frou mei ‘t moaie grize hier!

Spitich genôch waard Anneke Noordenbos yn 2005 troffen troch in slimme sykte, en moast it selskip fierder sûnder har.

Noordenbos & Ko bestiet no út Klaske Kingma-Noordenbos, Janneke Themmen-Westra, Renie Zuiderveld, Aline van der Weij-Struiksma en Pieter Jelle van der Laan pianist en muzykskriuwer.
Klaske skriuwt de teksten mei help en ideeën fan de hiele ploech.
It lûd wurdt fersoarge troch it echtpear Henk en Richtsje van den Berg.

It is in ploechje entûsjaste minsken dy ‘t graach sjonge en in toaniel tic ha. Dat moat ek wol sa wêze want as oprjochte amateurs dogge sy alles sels.
Se spylje ûnderwerpen weryn nearne tsjin oanskopt wurdt, dus net echte maatskippij krityske stikjes.
“Kleur Bekenne” is it fiifde programma fan Noordenbos & Ko

It wichtichste? Mei in protte nocht de minsken in noflike fleurige jûn besoargje.

Sjoch hjir de Wurklist